Wês warber op it ynternet

Wês warber op it ynternet

Yntroduksje

Yn dizze les learsto:

  • ​hoe sosjale media dyn privacy skea oanbringe kin;
  • watst wol en net diele kinst op sosjale media;
  • hoe'st omgiest mei seks op het ynternet;
  • wat de gefaren op het ynternet wêze kinne;
  • hokker online regels der binne;
  • hoe'st sûn ynternette kinst.

Privacy

It brûken fan ynternet en sosjale media is net altyd feilich.

Do witst al datst dyn profyl op privee sette kinst. En dat er in AVG wetjouwing is dy't dyn gegevens beskermet.

Watsto ek witte moatst is datsto sporen achter litst ast wat dochst op it ynternet.

Websites dy'st besjochst, bewarje dyn gegevens. Dat dogge sy troch cookies.

Bedriuwen brûke dy cookies wer om dy bygelyks advertinsjes te stjoeren.

Iepenbiere wifi

Asto op it ynternet wat dwaan wolst, dan hast ferbining nedich. Bygelyks fia wifi.

In protte wifinetwurken binne befeilige en komst der allinne op ast in wachtwurd hast.

Op guon plakken is der iepenbiere wifi, lykas yn de trein of yn de stêd.

Dêr kin elkenien gebrûk fan meitsje. Iepenbiere wifinetwurken binne net feilich.

Foar hackers is it op in iepenbier netwurk maklik om dyn ynlochgegevens te witten te kommen.

Mar, hoe wurket in iepenbier wifinetwurk dan eins?

Wat dielst wol en wat net?

 

Do hast grif wolris heard datst net samar mei frjemde minsken op 'e dyk prate meist. Of samar sizze wêrsto wennest.

Ek op it ynternet moatst  goed oplette mei wa datst praatst en watsto wol as net dielst.

Dat klinkt miskien logysk, mar der binne in ferskaat oan redenen wêrom datst goed neitinke moatst.

It is net tûk om wachtwurden, bankpas, adres of foto's en fideo's samar mei elkenien te dielen. Dat kin samar by minsken komme dy't der ferkearde bedoelingen mei hawwe.

Ek it stjoeren fan haatberjochten kin noch lang fan ynfloed wêze op dyn libben.

Bekijk de video.

Foar datsto wat dielst, is it  handich om dysels de folgjende saken ôf te freegjen:

  1. Doch ik oaren sear as sy dit lêze of sjogge? (Is it haatdragend of rasitysk?)
  2. Kan immen mei minne bedoelingen der wat mei ?
  3. Wol ik dat elkenien it sjen of lêze kin of hâld ik it leaver privee? 
  4. Lit ik wat sjen wat strafber is?
  5. Haw ik tastimming fan de persoan dy ik yn byld bring?

Seks op it ynternet

Guon learlingen hawwe op it ynternet wolris in foto of in fideo sjoen fan immen dy't neaken is. Somtiden samar, of omdat sy dat opsocht hawwe. Minsken stjoere dy bylden ek woris nei inoar ta.

Porno

Op it ynternet is fanalles te finen, ek bylden fan minsken dy't seks hawwe.

Faak binne dat foto's of fideo's.

 

Online flirten en sexting

Der wurdt hiel wat flirten op it ynternet.

Dêr is meastentiids neat mis mei.

Somtiden doarre minsken online bygelyks mear te sizzen as sa gewoan. Bêst handich dus!

Somtiden stjoere misnsken inoar pikante berjochten of foto's: sexting neam je dat.

Sjoch dizze side oer sexting.

 

Foardat je begjinne mei sexting, is it wichtich om hjir goed oer nei te tinken. As je foto's, fideo's of berjochten mei seksuele ynhâld diele, bliuwe dy op it ynternet altyd bewarre. Se kinne ek nochris hiel gau ferspraat wurde. Ek ast dat sels net wolst.

 

Yn de fideo wurdt ferteld dat in soad jongeren sels wolris neakenfoto's trochstjoerd krije. Yn guon gefallen stjoere se de fideo ek wer troch, mar dat kin hartstikke strafber wêze. Seker as it giet om ien dy 't minderjierrich is.

Besjoch de fideo.

 

Gefaren op it ynternet

Sexting kin dus aardich wêze, mar bringt ek gefaren mei him mei.

Der binne ek oare gefaren op it ynternet dy 't te krijen hawwe mei seks(ualiteit). Yn de eardere paragraaf hast fideo's besjoen oer it fersprieden fan neakenfoto's. Somtiden dogge minsken dat sûnder echte reden, lykas by it famke yn de earste fideo. Se fine it grappich of wolle ien foar skut sette. Je neame dit online shaming.

Der binne ek minsken dy 't om oare redenen yntime bylden fan ien ferspriede of driigje dit te dwaan. As minsken sjantearre wurde mei harren neakenfoto's of fideo's, neamst dat sextortion.

As jonges ôfparse wurde, wurde se faak twongen om jild oer te meitsjen. Famkes moatte faker nije neakenbylden stjoere of se wurde twongen om seks te hawwen mei de bedriger (Bron ). Dit is bygelyks ek de wize wêrop 't loverboys te wurk gean.

 

Grooming

In oar gefaar op it ynternet is grooming. Dat is online bern lokke.

Faak wurde bern en jongerein troch grooming dus benadere troch ien dy 't se net kenne. Dy ûnbekende docht him dan foar as in oar.

Online regels en narjen

 

Der binne in soad regels oer hoe 'st dy gedrage moatst op it ynternet. Je neame dy regels ek wol de netikette.

Narje op het ynternet

Hieltyd mear jongeren krije te meitsjen mei cyberpesten, oftewol online pesten. Minsken litte haatberjochten achter, meitsje nepaccounts of skelle it slachtoffer út fia online berjochten.

Ast ferfelende berjochten krigest, kinst dy brûkers ek blokkearje.

Trollen

Njonken online pesters binne der ek trollen. Dat moatst net dwaan. Besjoch de fideo om te learen wat trollen binne.

Sûn ynternette

 

Bisto jûns op bêd ek noch wolris oeren oant skrôljen wylst eins sliepe moatst? Sûn ynternette is tige wichtich, want asto de hiele dei achter in skermke sitst, dan is it eins net goed foar dy.
 

Hâlding

It is net goed foar dy om de hiele dei nei in skerm te sjen. Mar tink ek om hoe 'st efter it  skerm sitst Minsken sitte faak net rjochtop en hawwe it skerm te leech stean. Besjoch de fideo foar wat tips.

Ofslúting

 

Do hast yn dizze lesserige leard watst  wol en net op ynternet pleatse moatst.  Ek bist meat te witten kaam oer online pesten en de regels dy 't derby jilde. En... sitst wol in bytsje rjochtop wylsto dit lêst?

  • Het arrangement Wês warber op it ynternet is gemaakt met Wikiwijs van Kennisnet. Wikiwijs is hét onderwijsplatform waar je leermiddelen zoekt, maakt en deelt.

    Auteur
    Jeannette Bakker Je moet eerst inloggen om feedback aan de auteur te kunnen geven.
    Laatst gewijzigd
    2023-09-28 21:26:57
    Licentie

    Dit lesmateriaal is gepubliceerd onder de Creative Commons Naamsvermelding 4.0 Internationale licentie. Dit houdt in dat je onder de voorwaarde van naamsvermelding vrij bent om:

    • het werk te delen - te kopiëren, te verspreiden en door te geven via elk medium of bestandsformaat
    • het werk te bewerken - te remixen, te veranderen en afgeleide werken te maken
    • voor alle doeleinden, inclusief commerciële doeleinden.

    Meer informatie over de CC Naamsvermelding 4.0 Internationale licentie.

    Aanvullende informatie over dit lesmateriaal

    Van dit lesmateriaal is de volgende aanvullende informatie beschikbaar:

    Toelichting
    Introductie In deze les ga je leren: ​hoe sociale media je privacy kunnen schenden; wat je wel en niet moet delen op sociale media; hoe je omgaat met seks op het internet; wat de gevaren op het internet kunnen zijn; welke online regels er zijn; hoe je gezond kunt internetten.
    Eindgebruiker
    leerling/student
    Moeilijkheidsgraad
    gemiddeld
    Studiebelasting
    4 uur en 0 minuten
  • Downloaden

    Het volledige arrangement is in de onderstaande formaten te downloaden.

    Metadata

    LTI

    Leeromgevingen die gebruik maken van LTI kunnen Wikiwijs arrangementen en toetsen afspelen en resultaten terugkoppelen. Hiervoor moet de leeromgeving wel bij Wikiwijs aangemeld zijn. Wil je gebruik maken van de LTI koppeling? Meld je aan via info@wikiwijs.nl met het verzoek om een LTI koppeling aan te gaan.

    Maak je al gebruik van LTI? Gebruik dan de onderstaande Launch URL’s.

    Arrangement

    IMSCC package

    Wil je de Launch URL’s niet los kopiëren, maar in één keer downloaden? Download dan de IMSCC package.

    Meer informatie voor ontwikkelaars

    Wikiwijs lesmateriaal kan worden gebruikt in een externe leeromgeving. Er kunnen koppelingen worden gemaakt en het lesmateriaal kan op verschillende manieren worden geëxporteerd. Meer informatie hierover kun je vinden op onze Developers Wiki.